Pompstersk

Pompstersk
algemien
oare namme(n) Kollumerpompstersk
eigen namme Pompsters
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers 200 (2003)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nedersaksysk
            ● Westnedersaksysk
              ● Noardsaksysk
                ● Grinslânsk
                  ● Pompstersk
dialekten gjint
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
Nederlân:
  ● Fryslân (as streektaal)

It Pompstersk of Kollumerpompstersk is in Nedersaksysk dialekt, dat sprutsen wurdt yn it doarp De Pomp (of Kollumerpomp), yn de Fryske gemeente Kollumerlân. Neffens in rûzing út 2003 waard it doe noch praat troch likernôch 200 minsken, wêrfan't de measten ta de âlderein hearden. It tal sprekkers nimt dan ek ôf.

De lokaasje fan it Pompsterske dialekt (read) yn it Nedersaksyske taalgebiet (ljochtgriis).

It Pompstersk wurdt soms ek wol Kollumerpompstersk neamd, mar it moat net betize wurde mei it Kollumersk, it Stedske dialekt fan it doarp Kollum, noch mei it Kollumerlânsk, de foarm fan Nedersaksysk Westerkertiersk dy't yn Warfstermûne, Muntsjesyl en Boerum sprutsen wurdt.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search